Naar de inhoud

Harkiten mei de holle omheech fierder: "Dit was het en meer zat er niet in"

Bron: Omrop Fryslân

Trainer Wim Bakering sjocht werom op in 'hele mooie avond.' Harkemase Boys ferlear mei 1-5 fan FC Volendam, mar dochs is hy tefreden. "Natuurlijk wil je stunten, maar dat zat er vanavond helaas niet in."

"Ik denk dat wij heel goed aan de wedstrijd begonnen", fynt de trainer. De ploech krige in tal goede kânsen oan it begjin. "Na een kwartier kregen we helaas de 0-1 tegen. Dat was ook de eerste kans."

Harkemase Boys hie wol de mooglikheden. "Ondanks dat ze natuurlijk veel meer de bal hadden, waren wij in de omschakeling goed. Dan moet je eigenlijk jezelf belonen. Dat is een beetje jammer."

Trainer Wim Bakering fan Harkemase Boys

Oan de ein fan de earste helte waard it dreger. "Die laatste vijf minuten zie je de ruimtes wat groter worden en we gaan achteruit lopen. Dat wil je eigenlijk niet, maar op een gegeven moment word je gedwongen. Dan wordt het middenveld gewoon te groot. Daar weten zij wel raad mee. Dan ga je helaas met 1-2 de rust in."
Yn de twadde helte kaam de ploech noch wol in tal kear goed troch. "Maar we hebben niet echt de kansen meer gehad in de tweede helft. Ik denk dat de jongens het hartstikke goed hebben gedaan. We hebben ons laten zien en met passie gespeeld. Dit was het en meer zat er niet in voor ons."
poster

Jelle Jan de Graaf fan Harkemase Boys

Jelle Jan de Graaf sjocht mei in dûbeld gefoel werom op it duel. "Ik tink dat wy foaral yn de earste helte in goede wedstriid spile hawwe. De twadde helte seagen je dat sy mei it ôfmeitsjen fan kânsen echt mear kwaliteit hawwe. Mar wy hawwe alles jûn, ik bin echt grutsk op de ploech."

By de kânsen foar Harkemase Boys slagge it net om it ta doelpunten te fersulverjen. "En sy krigen ien kâns en dy gie der fuortendaalks yn."

"As gekken fochten"

Mar dat mei de wille net yn de wei sitte, fynt De Graaf. "In fantastyske jûn, fantastyske ploech. Wy hawwe as gekken fochten." Sportpark De Bosk siet fol en de wedstriid libbe likegoed by de supporters as by de ploech.

Foto: Lezer ICT / www.volendam.nl

Nog 1000 van de 1000 tekens

Je e-mailadres wordt niet getoond en alleen gebruikt om je op de hoogte te houden van antwoorden.